Doarpshuzen brûke duorsumensjild foar coronakrisis: PvdA wol oplossing

22 jan 2021 - 18:50

Der moat in oplossing komme om de buffers fan doarpshuzen wer oan te foljen. Dat fynt de Steatefraksje fan de PvdA. Stichting Doarpswurk hat foarsteld om 1 miljoen euro út it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy beskiber te stellen sa't doarpshuzen de coronakrisis opfange kinne. Mar dêrtroch kinne doarpshuzen net mear fierder mei duorsumens.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De Fryske Steaten hawwe tongersdei in brief krigen fan Doarpswurk mei it foarstel. In lytse 80 doarps- en buerthuzen hawwe de brief tekene. It jild dat beskikber wie foar duorsumensmaatregels wurdt sa ynset foar de coronakrisis. Mar dat betsjut ek dat dy reserves net mear brûkt wurde kinne foar duorsumensambysjes. Dêrom fynt de PvdA dat der in oplossing komme moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)