Man út Tsjom moat 16 moanne de sel yn foar mishanneling Harnzer

22 jan 2021 - 18:04

In man út Tsjom hat sechstjin moanne sel krigen, omdat er in ynwenner fan Harns by dy man thús mishannele hat.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De man wie ûnder ynfloed fan drank en drugs by it slachtoffer yn 'e hûs gien. Hy woe jild ha dat syn freondinne noch ha moast fan it slachtoffer. De man út Harns waard tsjin de grûn slein en tsjin de holle skopt en rekke dêrtroch ferwûne oan de holle.

Njonken dat de fertochte de sel yn moat, moat er him ek behannelje litte foar syn ferslavingen. Hy mei ek gjin kontakt sykje mei it slachtoffer.

It Iepenbier Ministearje hie twa jier sel easke, plus ien jier ûnder betingst. Dy eask wie neffens de rjochtbank te heech.

(Advertinsje)
(Advertinsje)