RIVM: Thúswurkjen is dreech, besmettingen op de wurkflier

22 jan 2021 - 17:54

Friezen fine it dreech om de coronamaatregels te folgjen. Dat blykt út ûndersyk fan it RIVM. De helte fan de Friezen seit dat thúswurkjen gjin opsje is. En dat wylst de GGD meldt dat der by meardere bedriuwen coronaklusters fêststeld binne.

Thúswurkjen is dreech

Earder dizze wike waard dúdlik dat ûnder oare by it Boalserter bedriuw Rentex in útbraak fan it coronafirus west hat. Dat bedriuw wasket ûnder oare klean út sikehûzen.

"Minsken fine it dreech om it fol te hâlden", seit Margreet de Graaf fan de GGD. "Se wolle nei kantoar. Simmerdeis wie it wat makliker, mar no binne de regels wer strang. Blykber is it no moeiliker as de earste kear."

De GGD sit der boppe-op, en siket no mear kontakt mei bedriuwen, om te sjen wat se dwaan kinne. Mar kontrolearje kin de sûnensorganisaasje net, seit De Graaf. Se kin wol de arbeidsynspeksje ynskeakelje, as dat nedich is.

Trefwurden: 
GGD coronafirus thúswurkjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)