Sven Kramer wint goud op wrâldbeker mei efterfolgingsploech

22 jan 2021 - 17:52

Sven Kramer hat mei Chris Huizinga en Beau Snellink de ploege-achterfolging wûn op de wrâldbeker yn Thialf op It Hearrenfean. De trije manlju rieden de acht rûntsjes yn 3.40,33 en dat wie in goede sekonde rapper as Noarwegen. It brûns wie foar Kanada.

Sven Kramer, Beau Snellink en Chris Huizinga - Foto: Orange Pictures

By de froulju pakte Nederlân it sulver. Ireen Wüst ried mei Carlijn Achtereekte en Melissa Wijfje de seis rûntsjes yn 2.57,04. Kanada wie 0,32 rapper. It brûns gong nei Noarwegen.

Freed wiene yn Thialf ek de heale finales op de massastart. By de manlju pleatsten Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga (dy lêste wûn syn heale finale) harren foar de finale, by de froulju wûn Marijke Groenewoud har heale finale.

Sneon binne de finales fan de massastart, mei alle trije Fryske dielnimmers dus. Dan komme ek Friezen yn aksje op de 500 en 1500 meter fan de froulju.

(Advertinsje)
(Advertinsje)