Plannen foar brûken spoarjild

18 jul 2012 - 12:31

Yn septimber komt dúdlikheid oer wat de provinsje dwaan wol mei it jild dat oerhâlden wurdt troch it skrassen fan it spoar Hearrenfean-Grins. It giet om 250 miljoen euro. It spoar is skrast om't no al dúdlik is dat de kosten út de hân rinne sille. De provinsje moat yn oparbeidzjen mei Hearrenfean en Smellingerlan in plan opstelle dat de ekonomy en berikberens yn de gemeenten ferbetterje moat. In grutte mearderheid yn de steaten hat der woansdei mei ynstimd. In part sil ek brukt wurde foar it ferbetterjen fan it iepenbier ferfier.

(advertinsje)