Fryske shorttrackers meitsje gjin flater op earste dei fan EK

22 jan 2021 - 17:36

De Fryske shorttrackers ha op de earste dei fan it Europeesk kampioenskip yn Poalen gjin flaters makke. Suzanne Schulting, Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat pleatsten har yn Gdansk op alle ôfstannen foar de folgjende ronde.

Suzanne Schulting op it EK yn Gdansk - Foto: ANP

Schulting ried op alle ôfstannen mei grut machtsfertoan. Yn de foarronde fan de 500 meter wie se de rapste fan alle dielnimmers. En ek op de 1000 (foarronde) en 1500 meter (kwartfinale) pleatste se har sûnder problemen foar de folgjende ronde.

Knegt brûkt teleskoopskonk

By de manlju pleatsten Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat har foar de folgjende ronde op alle ôfstannen. Op de 500 meter helle Knegt it mei de hakken oer de sleat. Hy moatst in flinke ynhelslach meitsje. Uteinlik smiet er syn 'teleskoopskonk' op tiid oer de streek, wêrtroch't er noch twadde waard yn syn rit. Op de 1500 meter binne Knegt en De Laat al ien konkurrint kwyt: favoryt Shaoang Liu rekke derút mei in penalty.

Beide Nederlânske efterfolgingsploegen pleatsten har foar de heale finales. By de frouju ried Schulting mei Selma Poutsma, Xandra Velzeboer en Georgie Dalrymple nei it earste plak yn de heat. Rianne de Vries kaam net yn aksje.

De manlju, mei Knegt, De Laat en Jens van 't Wout en Dylan Hoogerwerf waarden twadde yn harren heat. Dat wie ek genôch om troch de gean nei de heale finale.

Dit wykein fierder

Sneon wurde de titels ferdield op de 500 en 1500 meter. Dan binne ek de heale finales op de ploege-efterfolging.

(Advertinsje)
(Advertinsje)