Skoalle brûkt controlroom om learlingen yn de gaten te hâlden by toetswike

22 jan 2021 - 16:41

De toetswiken binne yn folle gong op OSG Sevenwolden op It Hearrenfean. Yn ferbân mei de coronamaatregels moatte skoallen ynventyf wêze om de learlingen dochs in toets meitsje te litten. By Sevenwolden ha se no in 'controlroom', dêr't alle dosinten fia de kompjûter kontakt hawwe mei de learlingen.

De studinten wurde mei in 'control room' yn de gaten holden:

Der is in team fan tsien skoalmeiwurkers gearstald dat alle dagen mear as 800 toetsen ôfnimt en digitaal surveillearret. It wie in hiele put om dit allegear op poaten te setten. "Er is aardig wat voorbereiding aan voorafgegaan. Er is hele goede teamwork voor nodig om dit in stand te houden", seit betinker Marnick van Lith.

Seis byldskermen foar 49 learlingen

Der stean seis grutte byldskermen dêr't 49 learlingen op yn 'e gaten hâlden wurde kinne. Van Lith: "Het is moeilijk om alles in de gaten te houden." Sa wurdt der sjoen oft learlingen gjin lesboek of telefoan neist harren lizzen hawwe. "Als dat soort dingen ons opvallen, dan hebben we hier een aantal mensen in een beveiligde omgeving zitten en die met de leerlingen kunnen chatten."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De TEAMS-surveillanten beskikke oer twa laptops, sadat se yndividuele learlingen grutter yn byld krije kinne. Der is ek ien oanwêzich dy't technyske problemen oplosse kin en der is in teamlieder dy't direkt yngrypt by 'fertochte omstannichheden'.

'Skybox Team'

Fia in chat kinne surveillanten learlingen ynstruksjes jaan en derfoar soargje dat harren antwurden op tiid ynlevere wurde. It saneamde Skybox Team sortearret dêrnei it korreksjewurk foar eltse dei op klasse, dosint en fak en soarget dat al it wurk by de goede dosint telâne komt.

Perfect is het niet, maar zo hebben we aardig goed zicht wat er gebeurt.

Betinker Marnick van Lith

De learlingen hawwe ynstruksjes krigen oer hoe't se harren kamera delsette moatte, sadat se goed yn 'e gaten hâlden wurde kinne. "We willen hun handen en hun hoofd zien en hun microfoon moet aan staan", seit Van Lith. "Perfect is het niet, maar zo hebben we aardig goed zicht wat er gebeurt." As der dochs in fermoeden bestiet dat in bern spykt, wurdt hy of sy warskôge. "Als ze hebben gespiekt, wordt hun toets ongeldig verklaard."

Dizze metoade soe ek in oplossing wêze kinne foar de sintrale eksamens dy't yn maaie op 'e planning stean. "Het is vooralsnog de planning dat de examen fysiek worden afgenomen. Maar wel met de verandering dat het wordt uitgesmeerd over drie weken", seit skoaldirekteur Bert Oosting. "Hoe het precies gaat worden, weten we niet."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar praat mei Marnick van Lith en Bert Oosting

(Advertinsje)
(Advertinsje)