Alle Fryske húsdokters krije sneon coronaprik yn MCL

Alle Fryske húsdokters krije sneon yn it Ljouwerter sikehûs MCL in faksinaasje tsjin it coronafirus. It is in grutte logistike operaasje foar it sikehûs omdat it giet om sawat fjouwerhûndert minsken.
© Omrop Fryslân
Neffens Karin Groeneveld fan de húsdoktersferiening binne der genôch faksins foar alle húsdokters, mar net foar de húsdokters yn oplieding. Dy wurde op in letter momint faksinearre.
It sikehûs woe eins freed al begjinne mei de faksinaasje, mar neffens in wurdfierder wie dat 'om logistike redenen' net mooglik.

Nije ôfspraken

Der hat in protte te dwaan west oer de faksinaasje fan de húsdokters. It liket derop dat se langer wachtsje moasten, wylst se mei minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens ôfpraat hiene dat se foarrang krije soene. Oan it begjin fan de wike ha de dokters nije ôfspraken makke mei it ministearje.
It faksinearjen yn it MCL begjint moarns om njoggen oere en der is in strak skema om sa folle mooglik minsken op ien dei prikke te kinnen. Húsdokters dy't sneon net kinne wurde moandeitemoarn faksinearre.
De dokters krije it Moderna-faksin en wurde faksinearre troch meiwurkers fan it sikehûs en Dokterszorg Friesland. Yn totaal moatte der 462 minsken in faksin krije, njonken húsdokters en sjauffeurs fan húsdokterposten en saneamde 'Physician Assistants', stypjende soarchprofessionals.
Der wurdt fan alles sein oer it coronafaksin, mar hoe wurket it no eins echt en wat sit der allegearre yn? Earder makken we dêr dit lange artikel oer. En op de dei dat yn Fryslân it earste faksin set waard, makken we dizze útstjoering fan Fryslân Hjoed, mei longdokter Wouter van Geffen en sjoernaliste Martine van der Steege.