HEA! Kuierje en kletse yn Stiens

In nij jier begjint faak mei goeie foarnimmens. Gerlandt Heeg en Willemien Koopal hawwe de pas deryn, want nei de desimbermoanne kinne der wol wer wat kilo's ôf, laitsje se. De froulju ha de fleur der foaral yn. Efkes lekker byprate oer bern, wurk en fansels de lêste ferhalen út it doarp. Oer harsels dogge se ek in boekje iepen, want beide froulju hawwe corona hân.
Hea! Kuierje en kletse yn Stiens