Gjin Slachtemaraton dit jier: organisaasje komt mooglik mei lytsskalich alternatyf

22 jan 2021 - 16:00

De Slachtemaraton wurdt dit jier net holden. Dat hat de organisaasje fan de maraton besletten. Oanlieding dêrfoar is de ûnwissens oer de ûntwikkeling fan it coronafirus. Der wie earst noch sprake fan om dit jier noch in maraton te hâlden, om't it yn 2020 al net trochgean koe, mar ek dêr sjocht de organisaasje fan ôf. De earstkommende maraton stiet no op de planning foar 2024.

Anne Jochum de Vries

"It kin gewoan net sa as we it wend binne", seit Anne Jochum de Vries fan de organisaasje. "We kinne neat organisearje yn de doarpen, we kinne neat dwaan yn de tariedings. Der is gewoan te folle ûnwissichheid en it is net ferantwurde. As it it trochgean koe, dan wiene we no ek al dwaande mei de ynskriuwing en de kaartferkeap."

Neitinke oer de takomst

De earstfolgjende Slachtemaraton stiet no op de kalinder foar 2024. Mar hoe't dy der krekt út komt te sjen is noch ûnwis. "Wy wolle de tiid dy't we no krigen ha brûke om in breed ûndersyk te dwaan nei hoe't de maraton der yn de takomst útsjen moat. Dêrfoar wolle we yn petear mei de doarpen, de dielnimmers út it ferline en elkenien dy't der fierder by belutsen is."

De Slachtemaraton yn 2016 - Foto: Omrop Fryslân

"Yn dat ûndersyk slute we neat út, mar we wolle echt de tiid nimme en sjen nei hoe't de maraton ea begûn is. 2024 soe de earstfolgjende datum wêze, dus we ha it noch efkes oan tiid om te ûndersykjen hokker kant we op wolle."

Mooglik noch wol wat dit jier

Mar dat betsjut net dat der definityf neat komt dit jier. "As it goed giet mei de faksinaasjes en der komt echt groepsymmuniteit, dan wolle we dochs sjen oft we op lytse skaal wat mei elkoar betinke kinne."

De lêste Slachtemaraton wie yn 2016.

Trefwurden: 
Slachtemaraton coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)