RIVM meldt sân nije stjergefallen troch corona, tal besmettingen boppe trochsneed
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 234 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der njoggen minder as tongersdei, doe gie it om 243 besmettingen. It gemiddelde tal besmettingen dat de ôfrûne wike meld wurd, is 222 deis.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Ljouwert, dêr giet it om 37. Dêrnei folgje de gemeenten Súdwest-Fryslân (27), Hearrenfean (24) en Achtkarspelen (21).
Sân stjergefallen
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren sân stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân (2), Achtkarspelen, Smellingerlân, Weststellingwerf, Eaststellingwerf en Waadhoeke.
Der binne gjin Friezen it sikehûs yn rekke fanwege it coronafirus de ôfrûne dei.
Lanlik boppe trochsneed
Yn hiel Nederlân binne freed 5.791 meld, dat is ek mear as trochsneed fan de ôfrûne wike. Dat trochsneed is 5.319.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.