Meiwurkers yn metaal en elektro stake moandei oars as oars fanwege corona

22 jan 2021 - 14:58

Meiwurkers fan de metalelektro yn Fryslân lizze moandei it wurk foar 24 oeren del. It giet dan ûnder oaren om minsken fan de bedriuwen Trivium, Royal de Boer, Jongia en De Wulff. Se stake út protest tsjin de gong fan saken by it ôfpraten fan in nije CAO.

Laskje - Foto: Shutterstock.com

Der sil op in spesjale wize staakt wurde yn ferbân mei corona. Sa sille der gjin groepen minsken by elkoar komme. De stakers kinne harren ynskriuwe by it kantoar fan de FNV yn Ljouwert. Dat fynt plak oan de hân fan saneamde stakersstrjitten. De stakers kinne mei de auto troch in spesjale strjitte ride en harren stakingsformulier ôfjaan en dan wer fuortride.

De fakbûnen FNV en CNV binne sûnt septimber foarich jier yn petear oer in nije CAO. Oant no ta biede de wurkjouwers in leansferheging fan 2,25 prosint oer twa jier. Dat is de fakbûnen te min. Fierder wol de bûnen ek dat der in bettere bâlans komt tusken wurk en privee en dat der in bettere regeling komt om earder op te hâlden mei wurkjen. Foar de jongerein wolle de fakbûnen dat de salarisskaal op leeftiid ferdwynt.

De stakingen yn Fryslân binne ûnderdiel fan stakingen troch it hiele lân. Dy binne ôfrûne tongersdei fan start gien yn it suden fan it lân. Yn de metaalsektor wurkje oer it hiele lân sa'n 160.000 minsken.

Trefwurden: 
staking CNV FNV CAO metalelektro
(Advertinsje)
(Advertinsje)