Wêr sjogge minsken nei út?: "Ik hoopje dat we inoar gau wer moetsje kinne"

22 jan 2021 - 13:11

De maatregels om de coronapandemy te bestriden wurde hieltyd stranger en duorje ek nochris langer. Reden genôch om dêr somber fan te wurden. Der komme lykwols ek wer oare tiden. Op de Ljouwerter freedsmerk fregen we wêr't minsken it meast nei útsjogge.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Ik hoopje dat we inoar gau wer gewoan moetsje kinne en de gewoane dingen fan it libben oppakke kinne, want op it heden beheine we ús yn alles!", sei ien. In oar: "Ik sjoch út nei al dy kulturele saken dy't ik no sa mis. Musea, teäters, konserten: alles leit no op syn syn gat en dat docht my echt sear."

Fierder seinen minsken te hoopjen dat de skoallen gau wer iepen kinne, dat we ús wer op in terras deljaan kinne, dat de kapper, de hoareka en ek de iishal wer iepen gean: "Want ik mis it riden ôfgryslik!" Mar ek dat "we wer gewoan sûnder mûlkapke de winkels yn kinne."

Moat ik no al in toutsjes helje of net?

Besiker fan 'e freedsmerk

De ferwachting is net dat soks allegear al frij gau wer kin. "Hjir binne we noch net fan ôf, dat sil wol de maitiid of sels de simmer wurde", tocht immen. "Mar we moatte ús der mar by deljaan."

In oar wie der hast ferslein fan. "It hinget my sa de strôt út. Doe't ik fan 'e wike mei immen belle, frege ik al: moat ik no al in toutsje helje of net?" Mar de poelier fertelde krekt dat hy kwealik lêst fan de maatregels: "Ik gean jûns dochs de doar net út."

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)