Fryske gemeenten ha jierrenlang tefolle betelle foar jeugdsoarch

22 jan 2021 - 12:49

Fryske gemeenten ha jierrenlang tefolle betelle foar de spesjalistyske jeugdsoarch. Dat blykt út ûndersyk dat se sels dwaan litten ha. It giet om miljoenen.

Foto: ANP

De gemeenten namen seis jier lyn de ferantwurdlikheid foar de jeugdsoarch oer fan it Ryk. Al gau die bliken dat se der in soad jild oan kwyt wiene en dat se te min jild fan it Ryk krigen.

De Fryske gemeenten kamen mei in nij ynkeapsysteem, mar dat holp net. De kosten rûnen hieltyd fierder op, benammen by dy spesjalistyske jeugdsoarch.

4,5 miljoen euro komt werom

Neffens wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert, dy't praat út namme fan alle Fryske gemeenten, binne der gjin bern 'bûtenboard fallen' troch dit probleem. "Der is wol soarch levere. Dêr is ekstra jild foar útjûn Dat bedrach is útkaam op 4,5 miljoen euro. Dat jild komt no werom nei de Fryske gemeenten."

"It rint út de klauwen"

De problemen binne noch net foarby, seit Tjeerdema. "Dit wie ien kear. Mar lanlik en yn ús regio sjogge we dat de kosten noch hieltyd groeie, en dat it oantal bern yn de soarch tanimt. Dat probleem is noch net oplost. Oanbieders en gemeenten moatte noch in protte leare om dat yn de klauwen te hâlden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)