Coronabesmettings yn it lân nimme ôf, mar Fryslân bliuwt achter

22 jan 2021 - 12:11

Wylst yn de rest fan Nederlân de oantallen coronabesmettings ôf lykje te nimmen, bliuwe dy yn Fryslân opfallend heech. Neffens GGD Fryslân is it goed mooglik dat de besmetliker Britske fariant fan it firus dêryn in rol spilet. De sûnenstsjinst merkt ek dat minsken it dreech fine om thús te wurkjen: der hawwe ferskate grutte útbraken west by bedriuwen.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De Britske fariant dûkte op yn de gemeente Achtkarspelen, by in útbraak yn wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Yn dy gemeente wiene der ôfrûne wike hast hûndert mear besmettings as de wike derfoar.

Undersyk nei mutaasjes

Begjin takom wike ferwachtet GGD Fryslân de útslach fan in stekproef dy't mear dúdlikens jaan kin oer de fersprieding fan de Britske fariant yn Fryslân. Dêrfoar wurde sechstich besmette meunsters yn de hiele provinsje en tritich út fersoargingshûzen ûndersocht. Dêrneist docht it RIVM wykliks yn hiel Nederlân ûndersyk nei de Britske en oare farianten.

Prip foar 85-plussers

It faksinearjen fan 85-plussers kin takom wike earder begjinne as pland. Lanlik is ôfpraat dat dêrfoar it Pfizer-faksin brûkt wurdt, dat foar soarchmeiwurkers bedoeld wie dy't noch gjin ôfspraak hiene. Dy groep krijt it AstraZenica-faksin, sadree't dat beskikber is.

It prikken fan de thúswenjende âlderein dy't mobyl is, bart by de GGD-faksinaasjelokaasje yn Ljouwert en jout fuortendaalks beskerming tsjin it coronafirus. De twadde prip krije sy net nei twa wiken, mar nei fiif wiken. Tsjin dy tiid is nei ferwachting wer in nije Pfizer-faksin beskikber. Hjirtroch binne safolle mooglik âlderein sa rap as mooglik beskerme.

Thúswurkjen dreech; útbraken op wurkflier

Ut in enkête yn opdracht fan it RIVM docht neffens GGD Fryslân bliken dat net alle Friezen har oan de coronamaatregels hâlde. Ien op de trije Friezen hâldt him net altyd oan de oardelmeterregel en ien op de trije bliuwt drokke plakken besykjen. Benammen op besite by freonen of famylje fynt mear as de helte fan minsken it dreech om ôfstân te hâlden. De measte Friezen fine dat minsken by it boadskipjen te tichtby harren stean komme.

Hast de helte fan de ûnderfrege Friezen seit dat thúswurkjen gjin opsje is foar harren. GGD Fryslân seit dat werom te sjen yn de sifers: dizze wike wiene der ferskate grutte útbraken by bedriuwen.

GGD Fryslan-direkteur Margreet de Graaf oer de nijste ûntwikkelings

Testlokaasje ferhûzet

De testlokaasje Brandemeer yn de Ljouwerter wyk Bilgaard ferhûzet nei it WTC Expo yn de Fryske haadstêd. De testlokaasje yn Bilgaard slút op 1 febrewaris. Yn it WTC Expo biedt de GGD ek de rappe antygenetest oan. Mei oare lokaasjes yn Fryslân - Drylts, Drachten, Kollum en It Hearrenfean - bliuwt de totale testkapasiteit 5.000 deis.

Mear tests

Yn de earste wike dat GGD Fryslân oan it faksinearjen is, hawwe 2.343 soarchmeiwurkers in prip krigen. Der binne ôfrûne wike 10.843 tests ôfnaam, hast 1.400 mear as foarige wike. Dizze wike is fan tweintich minsken oan GGD Fryslân meld dat sy ferstoarn binne wylst se besmet wiene. Der binne fjirtjin sikehûsopnames trochjûn.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)