RTV NOF past programmearring oan fanwegen jûnsklok

22 jan 2021 - 11:27

It ynfieren fan de jûnsklok kommende sneon hat ek gefolgen foar de radioprogrammearring fan streekomrop RTV NOF. Ut de beide studio's yn Burgum en De Westereen wei wurde nei 20:00 oere jûns net mear streekrjocht programma's makke.

De jûnsklok giet yn om 21:00 oere - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

RTV NOF wol syn programmamakkers dêrmei de romte jaan om op tiid nei hûs te kinnen foardat de jûnsklok jildt. Guon programma's sille dêrom no oerdeis opnaam wurde of wurde nei foaren helle en binne earder yn de eter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)