Doarpstún Warns wreidet út mei subsydzje fan de provinsje

22 jan 2021 - 11:17

Doarpstún de Griene Poarte fan Warns wol mear griente op in ekologyske manier ferbouwe. Om dat te berikken hawwe se koartlyn subsydzje krigen fan de provinsje. Mei it jild wolle se masines oanskaffe en de tún útwreidzje, bygelyks mei parrebeammen.

Foto: Provinsje Fryslân

It hat neffens Lolke Veenstra fan de doarpstún in drok jier west. Minsken út de omkriten en rekreanten wisten de tún goed te finen. In soad minsken wolle neffens Veenstra net nei de supermerk en helje harren iten it leafst op dizze wize sels fan de tún.

"It is net de hiele mienskip fansels, mar wol in protte minsken út ferskillende mienskippen wei", sa seit Veenstra oer de frijwilligers. "Minsken út Warns wei, minsken út omlizzende doarpen. Ek wol fier wei, sels út Beetstersweach komme se hjirre. Dat binne noch âld-ynwenners, mar dy kinne it net loslitte. Se komme noch hieltyd werom."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar seach by de doarpstún

De tún is foar eltsenien dy't meihelpe wol, fertelt de foarsitter fan de stichting dy't de tún beheart. "Het is met elkaar en voor elkaar. De gesprekken, de gezelligheid." De iene dei bist hjir hurd oan it wurk, sa seit er, de oare kear bist in heale dei yn de tún en sitst op in bankje mei-inoar te praten.

Trochborduere

It jild fan de subsydzjes fan de provinsje wurdt dan ek goed brûkt. "Der moatte plantsjes kocht wurde, in gersmeaner, der moat fan alles komme. It wie earst efkes hikke, kin it wol, kin it net. Mei dit soarte subsydzjes binne wy fansels hiel bliid. Dêr kinne wy even mei trochborduerje."

It is ek in moaie wize om dochs it kontakt mei de mienskip te behâlden. De oardelmetermaatregel is yn de doarpstún nammentlik gjin probleem, fertelt Veenstra. "Je kinne hjir op ôfstân fan inoar wurkje, je hawwe de romte. Mar even sa goed kinne je kontakt mei-inoar hawwe, dat is wol hiel belangryk en hiel moai."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn de doarpstún yn Warns

Trefwurden: 
doarpstún Warns Skarlerdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)