FNP Noardeast-Fryslân wol krêftiger oanpak wenningkrapteprobleem

22 jan 2021 - 11:12

De FNP-fraksje yn Noardeast-Fryslân wol dat it kolleezje mear faasje set achter it wenningkrapteprobleem yn de gemeente. Neffens de fraksje is de wenfyzje dy't de gemeente dêrfoar fêststeld hat net ambisjeus genôch. De FNP rôp it kolleezje yn in moasje by de riedsgearkomste tongersdeitejûn op ta mear slachfeardigens. In part fan de fyzje is yntusken, op oantrúnjen fan de FNP, oanpast.

Foto: Shutterstock

Neffens de FNP binne yn Noardeast-Fryslân rûnom lûden dat der flinke krapte is yn it wenningoanbod. Sa soe der hast neat te keap stean en binne de prizen heech. "Us eigen jongerein lûkt fuort troch de krapte en foar de âlderein is der ek net folle alternatyf", sa seit de partij.

De fraksje seit der faak op hammere te hawwen dat der in dokumint kaam dat de wentebou yn de gemeente yn goede banen liede koe. De FNP fynt dat de tongersdei yn de ried behannele wenfyzje lang net ambisjeus genôch is en rôp yn in moasje op ta mear aksje by it kolleezje. "Net ôfwachtsje mar ynsette, lef toane en de mûle iepen skuorre, ek rjochting de provinsje."

Amendemint

Ien fan de saken dy't yn de fyzje stiet, is dat it tal sosjale hierwenten stadichoan ôfnimme mei. De FNP fynt dat net kinnen en easke mei in amendemint dat dit feroare wurde soe.

"Yn in gemeente as Noardeast-Fryslân is it fan grut belang dat wy ús foarried sosjale hierwenten op oarder ha", beklammet wurdfierder Hanneke Jouta. "Yn it foarste plak om minsken út de buert dy't (noch) net in keaphûs betelje kinne in goed plak te bieden, en dy binne der yn ús gemeente mear as genôch."

It amendemint en de moasje koene op stipe rekkenje en feroaren de fyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)