Ynbrekkers op die trappearre

18 jul 2012 - 10:58

De plysje hat tiisdeitenacht twa manlju (37 en 28) yn Drylts oanhâlden. Se wurde fertocht fan ynbraak yn in supermerk oan de Dassenboarch. Plysje seach dat de dieders fia it dak binnenkaam wiene. De mannen wiene dwaande sigaretten te stellen, mar binne blykber steurd want se wiene sûnder bút útnaaid. De plysje fûn de mannen yn in auto yn de buert. Se binne meinaam nei it buro. Troch de ynbraak is wetterskea ûntstien. De plysje hopet mei de oanhâlding fan de manlju in lange rige oan dakynbraken oplost te hawwen. De ynbraak liket op oare saken.

Trefwurden: 
dieverij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)