Keamerlid Aukje de Vries: "Sûnder jûnsklok komt it op 'e kop ferkeard"

22 jan 2021 - 08:31

De Twadde Keamer naam tongersdei in histoarysk beslút. Fan sneon ôf moat eltsenien tusken 21.00 en 4.30 oere binnen bliuwe om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Sa'n jûnsklok hat der sûnt de Twadde Wrâldoarloch net mear west. "It is in ôfgryslik dreech beslút, want eins wol gjinien dit", seit Twadde Keamerlid Aukje de Vries.

VVD-Twadde Keamerlid Aukje de Vries - Foto: Omrop Fryslân

"Mar it wol needsaaklik, oars komt it op 'e kop ferkeard", heakket De Vries dêroan ta. Wichtichste reden foar de jûnsklok is de Britske fariant, in mutaasje fan it coronafirus dy't folle besmetliker is. De jûnsklok wurdt sneon fan krêft en duorret foarearst oant 9 febrewaris.

Oarspronklik wie it foarstel om de jûnsklok om 20.30 oere yngean te litten. It slagge earst net om in mearderheid te krijen, mar doe't foarsteld waard om de jûnsklok in healoere letter yngean te litten, koene de measte fraksjes dermei libje.

Psychyske sûnens

De jûnsklok hat ûnder mear grutte ympakt op de psychyske sûnens fan minsken. Noch mear binnen sitte en minder minsken sjen, komt dy net ta goede. De Vries: "Dêr gie it yn it debat ek wiidweidich oer. Ik tink dat it hiel wichtich is en it wurdt altyd meinaam yn de beslútfoarming."

Neffens De Vries waard der noch in alternatyf foar de jûnsklok bepraat. "Bygelyks dat minsken hielendal gjin besite mear ûntfange kinne, mar dat is noch yngripender. Dat is no fan twa nei ien persoan gien", fertelt it Keamerlid. "Der binne ferskate ministearjes mei dwaande om te sjen hoe't we it iensumensprobleem oplosse kinne."

"Net rânen opsykje"

De Vries hopet dat minsken har oan de jûnsklok hâlde sille. "Ek de oardel meter jildt noch hieltyd. Waskje dyn hannen. En sykje ek net de rânen fan dy regeljouwing op."

It Keamerlid begrypt dat der hieltyd mear wjerstân komt út de mienskip tsjin de yngripende maatregels. "It beheint minsken, se hawwe der lêst fan en fiele har iensum. Dêr moatte wy rekkenskip oan jaan, mar hoe minder wy ús oan de regels hâlde, hoe langer oft wy yn dizze ellinde sitte."

Twadde Keamerlid Aukje de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)