Kollum: "All-innich yn ‘e LOKdown"

22 jan 2021 - 08:20

"As skriuwer bin ik altyd mei wurden dwaande. Ik kin my bytiden ek oer wurden fernuverje dy't hiel gewoan binne mar ynienen sa apart lykje. Der binne ek wurden wêryn't ik ynienen in oare betsjutting sjoch. Bygelyks de wurden allinnich en alleen. It hat meastentiids net in hiele positive klank, want ast dy allinnich fielst dan tinkst al gau oan iensum en fertrietlik. Mar kinst it ek sjen as all-innich of all een, mei ús allen ien. AL kin ek it Universum wêze, it hielal. Ien mei inoar en mei it Universum, dat ûneinich is.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Iensum en eenzaam binne ek fan dy wurden. Sum betsjut yn it Latyn Ik ben en zaam liket op tezamen. Ast it wurd eenzaamheid opsikest, stiet der datst dy net ferbûn fielst mei oaren, wylst ik it ek lêze kin as ien mei de oaren of ien fan de oaren en it wurd iensum as Ik bin ien. Dat is dochs prachtich?

Sa kin ik skoften oer wurden neitinke en dêr hiel wat oars yn sjen as dêr't wy se foar brûke. De wurden all-innich, all-ein, all-een en al(l)-one sizze my dat we mei in-oar ferbûn binne, likegoed yn it Frysk, it Dútsk, it Nederlânsk of it Ingelsk. En dus ek dat wy ien binne mei it AL of it hielal en dat is al sa'n moai wurd. Hiel mei it AL bist kompleet mei alles en eltsenien. Mar dat is mear op energetysk nivo want ast net fierder tinke en fiele kinst as de deistige realiteit dan kin ik my yntinke dat it libben leech wêze kin, hielendal hjoed-de-dei.

In lockdown, in jûnsklok, noch mar ien persoan op besite en dus net mear tegearre nei heit en mem: besykje de moed der dan mar ris yn te hâlden ast gjin drokte en ôflieding yn 'e hûs hast fan in partner, bern of bisten. Mar jou it oan wannear't it dy tefolle wurdt! Nimmen wit wat der yn in oar syn holle of hert omgiet, dus freegje gewoan om help.

Itselde jildt foar de minsken dy't it no thús sa drok hawwe dat se der wol gek fan wurde kinne en de ferbining mei harsels ferlieze. Thúswurkje, bern dy't net nei skoalle gean en inoar de harsens ynslaan, pubers dy't net in kant út kinne: ik kin it my hiel goed yntinke datst yn sa'n situaasje wolris ferlet hast efkes nimmen om 'e teannen te hawwen.

Sa besjoen, is it miskien wol in goed idee om in soarte fan útwikselingsprojekt te begjinnen en dyn partner of bern om bar nei immen te stjoeren dy't wol wat selskip brûke kin. By in oar hâlde sy harren faak better as thús en it is ek in moaie kâns om mear spultsjes te dwaan. Foardat wy it witte, binne we aanst allegearre Netflixjunkies of gameferslave as it firus him lang om let deljûn hat.

Sjoele mei de buorfrou, kaarte mei pake of koekjes bakke mei beppe en de dagen binne grif samar om. It liket my in win-win-situaasje ta dêr't eltsenien positive enerzjy fan krijt. It idee en it gefoel dat der minsken binne dy't om dy tinke, kin der grif al foar soargje datst dy net mear sa allinnich fielst, óf miskien krekt wol mar dan mei it streekje dertusken.

All-innich is gâns better as allinnich. Ferbûn wêze mei-inoar en it Universum is ek hielendal net oan tiid, lockdowns en jûnsklokken bûn. Yn it tsjuster nei de stjerren sjen jout my altyd in djip gefoel fan ferbining. Sa besykje ik op myn eigen wize fan de lockdown in LOKdown te meitsjen. Ien letter minder, mar in wrâld fan ferskil!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)