Ombudsman moat famylje helpe dy't by fersin jierrenlang stroom foar strjitlampen betelle

22 jan 2021 - 16:59

In ûndersyk fan de Nationale Ombudsman moat deroan te pas komme om dúdlikens te krijen yn it langrinnende konflikt fan de famylje Ploegstra en gemeente De Fryske Marren. De Ploegstra's fan Rottum hawwe 24 jier lang net allinnich de sels ferbrûkte stroom, mar ek dy fan de iepenbiere strjitferlochting betelle, sizze sy.

Ombudsman nedich foar langrinnende saak oer stroomkosten

Dat koe om't op harren hiem by Rottum in transformatorhûske stiet dat gjin eigen hûsnûmer hie. Dat probleem is al yn 2015 oplost. Mar nimmen fielt him ferantwurdlik foar de kosten, dy't yntusken oprûn binne oant 360.000 euro. Neffens boargemaster Fred Veenstra hat gemeente De Fryske Marren neat ferkeard dien. Guon riedsfraksjes fine wol dat it gemeentebestjoer minskliker omgean moat mei sokke kwestjes.

De Ploegstra's sitte der hielendal trochhinne. Lies Ploegstra fynt dat de enerzjymaatskippij en de gemeente it goed útsykje moatte. "Wy wolle dat wy mei ús registraasje en ús papieren nei it gemeentehûs gean en dat sy harren papieren derneist lizze, dan is it yn in pear oeren oplost. En dan fergoeding. Wy steane derbûten, mar wy hawwe wol al sân jier ellinde."

Tiid foar in oplossing

Boargemaster Fred Veenstra fynt ek dat it tiid is om ta in oplossing te kommen. Hy hat mei it kolleezje it foarstel dien om de Ombudsman yn te skeakeljen. Dat is in proses dat de boarger yn gong sette moat. De Ombudsman kin dan bemiddelje tusken de partijen sûnder dat de emoasjes oprinne. De gemeente hat sels kontakt opnaam mei de Nationale Ombudsman om ûndersyk te dwaan op basis fan alle stikken. En sy hawwe alle meiwurking tasein.

"Ik sjoch wol de emoasjes by de famylje. Ik fyn dat it oplost wurde moat, want it achterfolget ús allegear", seit Veenstra. "Dêrom de aksje om no de Ombudsman yn te setten. Mar wy hawwe hjir te krijen mei ynwenners dy't in skeaclaim yntsjinne hawwe. Stel dat wy dat betelje, dan moatte wy as kolleezje wol in reden hawwe dat sy skea hawwe op basis fan aksjes fan de gemeente. Wy moatte oan de gemeenteried wol in grûn opjaan om de famylje jild oer te meitsjen en op dit momint is dat net oantoand."

De famylje Ploegstra lit witte dan mar it inisjatyf te nimmen foar dit ûnôfhinklik ûndersyk. Mooglik komt der dan in ein oan de langrinnende kwestje.

Lies en Wiebe Ploegstra - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Wat noch wol spilet is de ûntefredenheid yn de riedsfraksjes oer de wize wêrop't it kolleezje dit dossier behannele hat.

Yn it ramt fan de taslagge-affêre, dêr't it kabinet foar ôftreden is, omdat se net genôch sjoen hawwe nei de minsklike kant, fynt NCPN-riedslid Rinse Visser dat it kolleezje ek better nei himsels sjen moat.

"It grutste probleem is dat it kolleezje de hakken yn it sân set. Foar harren is de saak beëindige, mar foar dy minsken is it net sa. Dy ha jierren yn de ellinde libbe en se stean noch foar grutte opjeften de kommende tiid."

"It wurdt tiid dat de polityk wat minskliker wurdt. Ik kin noch tsientallen foarbylden fan hoe't it bygelyks by de paritisipaasjewet giet. Der is in kultuer ûntstien dêr't ik net bliid fan wurd."

"Dit fyn ik skandalich"

As oar foarbyld neamt Visser de moasje dy't de VVD woansdeitejûn op de gemeenteriedsfergadering yntsjinje woe. Dêryn stie it fersyk oan it kolleezje om minskliker om te gean mei har boargers.

"Dy moasje is net yntsjinne ûnder grutte druk op de fraksje en de yntsjinner. Ik fyn dat earnstich", seit Visser. "En it kin net sa wêze dat in keazen folksfertsjintwurdiger ferbean wurdt om in moasje yn te tsjinjen. Dat fyn ik skandalich."

Heel veel druk

VVD-er Marc van Nieweg befêstiget dat er de moasje ûnder 'heel veel druk' oanhâlden hat. Boargemaster Veenstra wol der net op yngean, mar seit yn it algemien altyd yn petear te bliuwen om in oplossing te finen yn in skeel mei in boarger. Yn it gefal fan de Ploegstra's wol er ek nei in oplossing sykje.

Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei Lies Ploegstra, boargemaster Fred Veenstra en riedslid Rinse Visser

(Advertinsje)
(Advertinsje)