Coronanijs 22 jannewaris: "Britske fariant mooglik deadliker" | Alle Fryske húsdokters krije sneon prik

22 jan 2021 - 23:01

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der is noch altyd gjin delgong te sjen yn it deistich oantal nije coronabesmettingen yn Fryslân;
  • It oantal coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen nimt ek net fierder ôf;
  • Alle Fryske húsdokters wurde moarn faksinearre tsjin it coronafirus;
  • Friezen sizze dat se it dreech fine om de coronaregels te folgjen: mear as de helte seit dat thúswurkjen 'gjin opsje' is;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:58
Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan freed 22 jannewaris. Tank foar it folgjen.

22:40
Minder AstraZeneca-faksins nei EU

Farmaseut AstraZeneca leveret foarearst 60 prosint minder faksins oan de Europeeske Uny. Fan de 80 miljoen faksins dy't de lidsteaten krije soenen yn it earste fearnsjier, bliuwe 31 miljoen oer. Nederlân soe 2,3 miljoen doases krije, dat wurde der no sa'n 920.000. It komt troch produksjeproblemen yn it fabryk yn België.

Dat Nederlân minder krijt, hat benammen gefolgen foar thúswenjende 60-plussers, minsken tusken de 18 en 60 mei in medyske yndikaasje, wykferpleging en WMO-personiel. En letter ek foar alle oare minsken tusken de 18 en 60 jier.

21:16
Meiwurkers Fries Museum helpe by soarchsintra
Sinnehiem yn Haulerwyk - Foto: ZuidOostZorg

Meiwurkers fan it Fries Museum en fan it Reade Krús stean by doarren fan soarchsintra fan Liante, in soarchgroep dy't sân lokaasjes hat yn Drachten, Wolvegea, Noardwâlde en de gemeente Eaststellingwerf. Se dogge dat om de nije regel fan ien besiker yn de wike noflik ferrinne te litten. "Een prachtig voorbeeld van Friese samenwerking", seit soarchmanager Jeroen Vos fan Liante.

"Het Fries Museum is dicht en zij hebben receptiemedewerkers. Inmiddels zijn er een stuk of vijf die nu op onze locaties werken. Dat geldt ook voor het Rode Kruis. De komende drie weken ondersteunen ze ons op al onze locaties."

Op it stuit giet it goed op de sân lokaasjes fan Liante, fertelt Vos. "We hebben nu geen actuele besmettingen. Maar het is wel iedere dag weer afwachten en voorzichtig zijn. We proberen de Britse variant buiten te houden. We zijn wat huiverig, maar gelukkig komt het vaccin eraan. We moeten volhouden."

Jeroen Vos fan Liante oer de situaasje yn de soarchsintra

19:29
Jild nedich foar doarpshuzen

Der moat in oplossing komme om de buffers fan doarpshuzen wer oan te foljen. Dat fynt de Steatefraksje fan de PvdA. Stichting Doarpswurk hat foarsteld om 1 miljoen euro út it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy beskiber te stellen sa't doarpshuzen de coronakrisis opfange kinne. Mar dêrtroch kinne doarpshuzen net mear fierder mei duorsumens. De PvdA wol in oplossing.

18:35
"Britske fariant mooglik deadliker"

De Britske fariant fan it coronafirus is mooglik deadliker as de eardere fariant. Dat hat premier Boris Johnson fan it Feriene Keninkryk sein, op basis fan ûndersyk fan de organisaasje dy't dêr firussen ûndersiket. It binne noch wol de earste resultaten fan it ûndersyk. Dat meldt de BBC.

"Njonken dat it him rapper ferspriedt, liket der no ek bewiis te wêzen dat de nije fariant deadliker is", seit Johnson. De belangrykste adviseur fan de Britske regearing oer dit ûnderwerp seit der wol by dat it bewiis oer de deadlikheid noch net hiel sterk is.

17:54
RIVM: Thúswurkjen is dreech, en foar de helte fan de Friezen 'gjin opsje'

Friezen fine it dreech om de coronamaatregels te folgjen. Dat blykt út ûndersyk fan it RIVM. De helte fan de Friezen seit dat thúswurkjen gjin opsje is. En dat wylst de GGD meldt dat der by meardere bedriuwen coronaklusters fêststeld binne.

De GGD sit der boppe-op, en siket no mear kontakt mei bedriuwen, om te sjen wat se dwaan kinne. Mar kontrolearje kin de sûnensorganisaasje net, seit De Graaf. Se kin wol de arbeidsynspeksje ynskeakelje, as dat nedich is.

17:00
Braziliaanske coronafariant dûkt op yn Dútslân

Yn Dútslân is foar it earst de Braziliaanske fariant fan it coronafirus fêststeld. De pasjint waard juster test en soe gjin sykteferskynselen ha. It Dútske RIVM hat witte litten dat de Braziliaanske fariant fan it firus fergeykber is mei de Súd-Afrikaanske mutaasje.

Beide farianten soene besmetliker wêze as it klassike coronafirus. Datselde jildt foar de Britske fariant, dy't earder yn ferskillende lannen opdûkte.

16:45
Controlroom op It Hearrenfean

De toetswiken op middelbere skoallen sjogge der yn coronatiid hiel oars út. By in skoalle op It Hearrenfean sjogge dosinten nei seis skermen, wêrop't se 49 learlingen yn de gaten hâlde. Se ha in echte controlroom.

16:38
Rutte; Basisskoallen iepen foar 8 febrewaris soe 'lyts wûnder' wêze

It soe in 'lyts wûnder' wêze as de basisskoallen en berneopfangsintra al foar acht febrewaris iepen kinne soene, sei premier Mark Rutte yn syn wyklikse parsekonferinsje. It kabinet moat earst de advizen fan saakkundigen dêroer ôfwachtsje, seit er.

Der rint no in ûndersyk nei de fersprieding fan de besmetlike Britske coronafariant by bern. Pas as dêr mear bekend oer is, soene de skoallen wer iepen kinne. De resultaten soene der foar 2 febrewaris wêze moatte.

It iepenjen fan de skoallen stiet heech op it winskelistje fan it kabinet. Rutte seit dat der earder "een klein openingetje" wie, dat it foar 8 febrewaris kinne soe, "maar die hoop wil ik echt niet wekken."

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)