Yn ferhâlding fierwei de measte besmettingen yn Achtkarspelen

22 jan 2021 - 06:00

Der binne de ôfrûne sân dagen yn Fryslân 1.592 coronabesmettingen fêststeld. Dat binne krekt wat mear as ferline wike, doe wiene it der 1.529. Yn de gemeente Achtkarspelen binne yn ferhâlding fierwei de measte besmettingen. Dat komt noch hieltyd mei troch de útbraak yn soarchsintrum 't Suyderhuys.

Surhuzum - Foto: Omrop Fryslân

De measte positive testen binne de ôfrûne wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn totaal 232. Dat binne der goed 30 minder as in wike earder. Nei Súdwest-Fryslân, de grutste gemeente fan ús provinsje, komt Achtkarspelen, mei 205 besmettingen. As tredde komt Ljouwert mei 188.

Achtkarspelen tredde lanlik

Omrekkene nei it tal ynwenners binne fierwei de measte besmettingen yn Achtkarspelen: 735 op 100.000 minsken. Lanlik binne allinnich yn de gemeenten Westerwolde en Staphorst yn ferhâlding mear besmettingen.

Ferline wike wiene yn Achtkarspelen ek al in soad besmettingen, mar mei 423 op 100.000 ynwenners noch wol in stik minder as no. In wike lyn wiene der yn ferhâlding ek in soad besmettingen yn Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. Yn dy gemeenten giet it no wat better.

Smellingerlân en Opsterlân

Nei Achtkarspelen binne yn ferhâlding de measte besmettingen yn Smellingerlân en Opsterlân: respektyflik 322 en 319 op 100.000 bewenners.

Yn totaal hast 20.000

Mei de 1.592 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 19.611 Friezen it coronafirus fêststeld. De earste fêststelde besmettingen wienen op 10 maart ferline jier, by in pear op De Gordyk.

It deistige tal besmettingen sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Noch noait waarden yn ien wike safolle stjergefallen meld as de ôfrûne wike: it wiene der 20, twa mear as ferline wike. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus stiet no op 227. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)