Botsing by Kollumerpomp
In ynwenner (60) fan Muntsjesyl is tiisdei syn rydbewiis kwytrekke. De man ried yn syn auto slingerjend by Kollumerpomp oer de dyk en rekke dêrby de auto fan in ynwenner (22) fan Kollum. Beide bestjoerders rekken hjirby ferwûne. Sy binne troch it ambulânsepersoniel op it plak fan it ûngelok behannele. De auto's wiene swier skansearre.