Ried Noardeast-Fryslân akkoart mei parkplannen Dokkum

21 jan 2021 - 22:28

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat ynstimd mei de plannen foar it Harddraverspark en it Tolhuispark yn Dokkum. De tennisferiening ferhuzet nei it Tolhuispark en it Harddraverspark wurdt in rekreatyf stedspark. In earste skatting fan de kosten komt út op sa'n njoggen miljoen euro. De gemeente is wiis mei it ynstimmen, omdat der al jierren praat is oer de plannen.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

In wichtich part fan de plannen is it ferbinen fan it Harddraverspark en de binnenstêd fan Dokkum. In mearderheid fan de ried wie foar in brêge, op betingst dat der rekken hâlden wurdt mei de histoaryske wearde fan it bolwurk. Twa amendeminten tsjin de brêge fan PvdA en GroenNOF en ELP-NEF en S!N hawwe gjin mearderheid helle.

Wethâlder Esther Hanemaaijer: "Met een goed ontwerp dat past bij onze karakteristieke bolwerken, zal de brug een verrijking zijn voor het beschermde stadsgezicht."

(Advertinsje)
(Advertinsje)