Basketbalklup Aris ferliest fan it Rotterdamske Feyenoord mei 82-56

Basketbalklup Aris fan Ljouwert hat tongersdeitejûn ferlern fan Feyenoord. It wie de twadde kompetysjewedstriid yn de Dutch Basketball League fan Aris nei de coronabreak. De earste waard sneon wûn tsjin The Hague Royals, mar tsjin Feyenoord ferlear de ploech mei 82-56.
© Aris Ljouwert
Neffens coach Ferried Naciri wie it yn 't foar al dúdlik dat it spul tsjin Rotterdam fysiker wêze soe as de wedstriid tsjin Den Haag. De Rotterdamske ploech spilet sûnt de lêste seizoenen hieltyd by de top 4 mei.
It skoft waard mei in stân fan 34-24 yn gien. Mar de ploech fan Rotterdam ferdigene sterk, neffens Aris. De efterstân rûn hieltyd fierder op en mei noch tsien minuten op de teller wie de stân al 57-42. Sneon moat Aris wer yn aksje komme, dan wurdt der yn it Kalverdijkje tsjin de Almere Sailors spile.