Pankoeksrestaurant De Struverij fan Sint-Anne slút de doarren

21 jan 2021 - 21:17

Pankoekrestaurant De Struverij yn Sint-Anne giet ticht. It restaurant is in begryp yn de Noardwesthoeke fan Fryslân, mar de eigeners kinne it finansjeel net mear rûn breidzje. Troch de coronakrisis is de omset ferdampt. Foar oerheidsjild komme se net yn oanmerking om't sy yn 2019 te min omset draaid hawwe.

Teade en Monica Ynema fan pankoektsjerke De Struverij yn Sint-Anne - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Dit wurdt it lêste wykein foar Teade en Monica. Mei pine yn it hert nimme se dan ôfskied fan de tsjerke. Goed fjouwer jier sitte sy der al mei harren restaurant. Yn de midden fan it restaurant stiet in draaimûne. Dêrnjonken in stopknop om 'm wer stil te setten. "Wy hawwe in pear goede jierren hân. Mar no kin it net mear", seit Monica. "Wy hawwe mei de eigener fan it gebou om tafel sitten en doe hawwe wy de knoop trochhakt." As se trochgean soene, dan wie de saak fallyt, seit Teade. "No hawwe wy dat net en komme wy der goed foar wei."

Hurd wurkje

Teade makke benammen yn de simmerperioade lange wiken. Alle dagen wie hy oan it wurk: "Ik hie it wolris dreech as ik dan hjir yn it wykein stie nei't ik de hiele wike al wurke hie. Mar dan komt in húshâlding mei bern binnen en je sjogge dat se laitsje, dan is dy pine fuort en gie ik mei in soad wille wer oan de slach."

Boffertsjes

It pear jout de moed net ferlern. Sy meitsje al wer nije plannen. "Ja, der komt in boffertsjewein", seit Monica. "Wy krigen in pear jier lyn de fraach oft we dat ek diene en dat pakke wy no op. Wy hawwe al in karre en dy binne wy no oan it oanpassen. As it coronafirus aanst wer fuort is binne wy der klear foar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)