Namme 'De Swarte Haan' moat op syn Biltsk op de nije trein, fynt FNP

21 jan 2021 - 19:34

De namme Zwarte Haan op ien fan de nije treinen fan ferfiersbedriuw Arriva moat feroare wurde yn De Swarte Haan, op syn Biltsk. Dat fynt de fraksje fan de FNP yn de gemeente Waadhoeke. Arriva hat koartlyn de nammen bekend makke foar de nije treinen dy't troch de provinsje ride. Dy nammen binne keazen troch it publyk.

Foto: Evert Pultrum

Der wie al beswier makke tsjin it Nederlânske namme Zwarte Haan, mar in kommisje fan noardlike ûndernimmers en bestjoerder hat dat beswier njonken har dellein. De FNP yn Waadhoeke is it dêr net mei iens. Oare nije nammen binne yn it Frysk en dan soe it Biltske (De) Swarte Haan dêr goed tusken passe. De gemeente moat dêr mei Arriva en de provinsje oer prate, fynt de FNP.

FNP-wurdfierder Gea Iedema seit der oer: "Der is gyn plakky te finen soa mooi, soa unyk as 't Bildt. 't Is de taal dat maakt 't ferskil. Wat soe it no moai wêze at dat better foar it fuotljocht brocht wurde kin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)