Fideodeiboek: 'Elektryske noas' moat it coronafirus rûke

21 jan 2021 - 19:14

Longdokter Wouter van Geffen fan it Ljouwerter sikehûs MCL lit yn syn nije vlog sjen hoe't in spesjaal apparaat wurket dat it coronafirus rûke kin. Dizze 'elektryske noas' wurdt op dit stuit test by it soarchpersoniel fan it sikehûs. Der moatte earst hûnderten minsken meidwaan foar't in betrouber resultaat jûn wurde kin.

Berjochten ut it hert: Elektroanyske noas moat firus rûke

As de elektroanyske noas goed wurket, hoecht der gjin laboratoariumûndersyk mear dien te wurden om fêst te stellen oft ien it coronafirus hat. "Je hebt dan ook relatief snel een uitslag. En de test met de vervelende keelneusborsteltjes is dan niet meer nodig."

Mear vlogs fan Wouter van Geffen en de oare vloggers fan de rige Berjochten út it hert sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)