Brânwacht ynset by stoarmskea tankstasjon oan de A7 by Haskerhoarne

21 jan 2021 - 18:32

De wyn hellet bytiden flink oan yn ús provinsje en dat soarget foar stoarmskea. De brânwacht fan De Jouwer hat oan it begjin fan de middei drok dwaande west mei in oerkaping by in tankstasjon. It ôfdak by it tankstasjon De Horne oan de A7 by Haskerhoarne dêr't de benzinepompen ûnder stean, wie troch de hurde wyn losrekke.

Brânwacht yn aksje by tankstasjon - Foto: Noordernieuws / De Vries Media

De brânwacht fan It Hearrenfean waard ek oproppen foar it ynsidint, mar dy waard úteinlik wer ôfsein. Mei help fan in ljedder is de brânwacht der yn slagge op de oerkaping fan it tankstasjon te kommen om de skea te reparearjen. Dêrby wie it tankstasjon in skoftke ticht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)