Jelly Frankes fan De Harkema: gjin 'Amtner fan it jier', wol publykspriis

21 jan 2021 - 18:20

Jelly Frankes (25) fan De Harkema is net 'Jonge Amtner fan it Jier' wurden. Se wûn wol de publykspriis, sa waard tongersdei bekend. Frankes, dy't foar de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen wurket, wie ien fan de trije finalisen foar de titel. "Ik haw net dé titel wûn, mar wol de publykspriis. En dêr bin ik like bliid mei. It wie in hartstikke leuke dei," seit Frankes.

Jelly Frankes - Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

"Ik wie al betiid yn Utrecht, wy moasten earst opdrachten dwaan, in taspraak, en sjuerypetearen. It is in hiele show wurden úteinlik. It wie wol digitaal foar de sjuery en it publyk. Mar wy wiene as finalisten en in pear kameraminsken wol oanwêzich," leit Frankes út.

Fan papier nei digitaal

Frankes wurket op de ôfdieling Burgerzaken. Sy waard opjûn troch kollega's en de opliedingsynstânsje Segment, dêr't sy lessen fersoarget. "It tema fan dit jier wie de 'trotse jonge ambtenaar', dus ik moast útlizze wêrom't ik grutsk bin op ús gemeenten en op de prestaasjes."

Dêr hat sy ek har ferhaal oer holden. "Wy hawwe yn koarte tiid wat berikt wat oars yn in jier gean soe. Dat gie sa moai, en ús kollega's wiene sa fleksibel. It gie om it digitalisearjen fan de ôfdieling boargersaken. Alles moast earder noch op papier en minsken moasten delkomme, bygelyks in berte-oanjefte. Mar mei corona moasten wy dat feroarje, dat hawwe wy hiel rap oppakt."

De ferkiezing waard organisearre troch Futur, in Nederlânsk amtnersnetwurk. "Ik haw in soad konneksjes makke. Ik krige ek útnûgingen om earne oars mei te rinnen en sels om earne oars te wurkjen. Mar ik bin net foar neat grutsk op ús gemeenten, dus dêr bliuw ik noch efkes hingjen."

Jelly Frankes fan De Harkema

(Advertinsje)
(Advertinsje)