Kelly Zeeman nije spylster SC Hearrenfean

21 jan 2021 - 17:35

Fuotbalster Kelly Zeeman slút fuort oan by de ploech fan SC Hearrenfean. De 24-fâldich ynternasjonal wurdt oant de ein fan it seizoen hierd fan Ajax.

Kelly Zeeman - Foto: Orange Pictures

De ferdigener, dy't by de Amsterdamske ploech net in soad yn it fjild kaam, kin har debút foar Hearrenfean meitsje yn de bekerwedstriid fan 5 febrewaris tsjin Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)