Evert Jan van Nijen nije direkteur Circulair Friesland

21 jan 2021 - 17:26

Evert Jan van Nijen wurdt fan 1 febrewaris ôf de nije direkteur fan de feriening Circulair Friesland. Van Nijen is de opfolger fan Houkje Rijpstra, dy't nei goed trije jier ophâldt. Van Nijen wie jierren aktyf as kommersjeel direkteur fan Sweco, de âlde Grontmij, in ynternasjonaal yngenieursbedriuw dat duorsume mienskippen en stêden ûntwikkelet.

Direkteur Evert Jan van Nijen fan Circulair Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Neffens Van Nijen is Circulair Friesland in unike regionale gearwurking tusken ûndernimmers, oerheden, maatskiplike organisaasjes en ûnderwiis. "Yn Fryslân sjogge wy no al bysûndere sirkulêre projekten mei tank oan inisjatyf, kennis en ûndernimmerskip fan de leden fan de feriening. It wurket dus," seit hy.

Van Nijen krijt de opdracht om de kommende jierren yn gearwurking mei leden en bestjoer konkrete projekten fan de grûn te tillen. Dy moatte helpe om yn Fryslân in sterke sirkulêre ekonomy hannen en fuotten te jaan.

Nije projekten fine

De nije direkteur jout syn foargonger in komplimint. "De ris al in soad wurk dien. De útdaging foar my is aanst nije projekten fine mei ynfloed. Yn de earste moannen sjoch ik wat ik trochsette kin, dêrnei wol ik sels nije projekten opsette. En de leden kennen leare, dat is it fûnemint fan de feriening."

"Myn oertsjûging is dat der in grutte opjefte leit foar de kommende jierren, dat moatte wy sa goed mooglik opfange. Neffens my moat der mear yn de regio barre. Lanlik is te grut, lokaal is te lyts." Van Nijen seit dat it jild by inisjatyfnimmers wei komme moat. "De keunst is om dat te kombinearjen mei jild dat beskikber komt út Brussel en Den Haag."

Nije direkteur Evert Jan van Nijen

Houkje Rijpstra: "Grutsk op wat wy berikt hawwe"

Ald-foarsitter Houkje Rijpstra leit út wat Circulair Friesland eins is. "Circulair Friesland is yn 2016 oprjochte troch it Fryske bedriuwslibben. In tal minsken fûn dat der in platfoarm yn de provinsje komme moast dêr't kennis útwiksele wurde kin oer sirkulêre ekonomy. Om it fierder te helpen en ferbining te sykjen. Dus it giet der om dat grûnstoffen net fuortsmiten wurde, mar opnij brûkt wurde. Dus dat is goed foar natuer, miljeu en de sûnens."

Foarbylden fan projekten binne de enerzjycampus yn Ljouwert, it Biosintrum yn Easterwâlde, de boucampus yn Dokkum en in brêge by Ritsumasyl fan natuerlik materiaal. "En der komme der noch folle mear oan," seit Rijpstra.

Fryslân is goed dwaande yn Nederlân, fynt Rijpstra. "It is in koprinner. Benammen omdat hjir bedriuwen, oerheden en ûnderwiis gearwurkje foar de takomst. Doe't ik begûn wie der noch net in organisaasje. Dat is wol makke, der is in aginda opset, wy hawwe subsydzje krigen, wy hawwe no mear as 100 leden. Dus der binne al grutte stappen set. Ik bin der grutsk op dat Circulair Friesland de autoriteit op dit mêd wurden is yn Fryslân."

Houkje Rijpstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)