Tal bioboeren nimt ta, mar minder hurd as yn it ferline

De biologyske sektor fan de lânbou groeit stadich troch. Mar de taname fan it tal biologyske boeren dat oerstapt fan in gongber nei in biologysk bedriuw, wurdt foar it sechde jier op rige minder. Dat docht bliken út de jiersifers fan tafersjochhâlder SKAL Biokontrôle op de biologyske lânbou.
Tal bioboeren nimt ta, mar minder hurd as yn it ferline
Neffens ponghâlder Johannes Kooistra fan de feriening fan biologyske boeren yn Fryslân (FBBF) hat de ôfname fan de groei te krijen mei de ûnwissigens dy't op dit stuit yn de lânbou hearsket. Boeren witte net wêr't se oan ta binne mei hieltyd feroarjende regels, de ûnsekerheid oer miljeufergunnings en fraachstikken lykas it feangreide- en it stikstofprobleem. Dat soarget derfoar dat boeren minder gau de oerstap meitsje fan gongbere nei biologysk buorkjen.
De banken stean der faak ek net om te springen. In boer dy't oerstapt hat de earste twa jier minder ynkomsten, omdat er minder molke produsearret en noch net de hegere biologyske molkpriis bart. In bedriuw kin dan yn de finansjele problemen komme en soe dêrby goed de help fan de bank brûke kinne, bygelyks troch in pear jier minder ôflossing te beteljen. Mar foaral as in boer flink yn de skulden sit, wurkje de banken dêr net altyd oan mei, seit Kooistra.
Kooistra tinkt dat stipe fan de oerheid in útkomst wêze kin. Fiifentweintich jier ferlyn wie der ek in fûns om boeren by de oerstap te helpen. It soe moai wêze as dat der no wer kaam, seit er.
Greide by de pleats fan biologyske melkfeehâlder Kooistra by Warstiens © Omrop Fryslân, Remco de Vries