Mearderheid fan Twadde Keamer foar jûnsklok: fan 21.00 oant 04.30 oere

21 jan 2021 - 16:46

De Twadde Keamer is akkoart gien mei it ynfieren fan in jûnsklok. Dy giet sneon yn om 21.00 oere en duorret eltse nacht oant 04.30 oere. Foarearst rint de maatregel oant 9 febrewaris. It slagge earst net om in mearderheid te krijen, mar doe't foarsteld waard om de jûnsklok in healoere letter yngean te litten, koene de measte fraksjes dermei libje.

Foto: Shutterstock.com

VVD, D66, CDA, SP, GrienLinks, PvdA, ChristenUnie en 50Plus hawwe foar de moasje stimd dy't dizze jûnsklok foarstelde. Foar premier Mark Rutte wie it wichtich dat de jûnsklok begjinne soe tusken 20.00 en 21.00 oere, om't dit ek it advys fan it Outbreak Management Team wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)