Fryske Wappies fernuvere oer 'wappie': "It komt wol efkes raar oer"

21 jan 2021 - 17:32

Wappie wie foarhinne in gewoane namme ôflaat fan Wapke, mar dat is no yn coronatiid wol oars. No stiet 'in wappie' yn hiel Nederlân foar in persoan dy't him ferset tsjin de hieltyd strangere coronaregels. Wat fine de Fryske Wappies dêrfan?

Foto: Shutterstock.com

Wappie Gillebaard (77), berne yn Wjelsryp, wie fernuvere doe't se it hearde oer Youp van 't Hek syn liet Wappie. De kabaretier boude syn liet Flappie yn desimber om ta Wappie en song it yn in satirysk telefyzjeprogramma. Se waard dêrop attint makke troch har bernsbern: "Jo binne ferneamd", seine se. "Ik hie it sels net heard, mar wy hawwe der in soad wille omdat de namme Wappie no faker neamd wurdt. Dat er oars brûkt wurdt steurt my eins net. As ien my bellet, nim ik gewoan de telefoan op mei: 'Wappie'."

Wappie Gillebaard, berne yn Wjelsryp

"It komt wol efkes raar oer", seit Wappie van der Meer út Dokkum. "Jo hearre de namme oars nea en dan ynienen in hiel soad op sosjale media. Hoe komme se derop?" Se is bliid dat har beppesizzers gjin Wappie hjitte: "Sa moai fyn ik de namme net. Dêr moatte jo de bern net mei opsadelje."

Wappie van der Meer komt oarspronklik út Wierum en wennet no yn Dokkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)