Nije bioskoop Ljouwert krijt 634 'relaxseats': mooglik nei simmer iepen

21 jan 2021 - 15:31

De nije bioskoop yn it sintrum fan Ljouwert krijt, likegoed oan de binnen- as de bûtenkant, te krijen mei it nijste fan it nijste. Dat sei Pathé-direkteur Jacques Hoendervangers tongersdei by in digitale presintaasje oer de fuortgong fan de bou fan de bioskoop. De presintaasje waard holden om't it heechste punt by de bou fan de bioskoop yntusken berikt is. In datum foar de iepening waard noch net bekend makke, mar it liket derop dat dit nei de simmer wurdt.

De presintaasje fan de nije bioskoop yn Ljouwert

De presintaasje waard mei in livestream holden út de nije lokaasje oan it Ruterskertier wei. Hoendervangers is der benammen grutsk op dat der it ôfrûne jier trochset is mei de bou, en dat de bioskoop yn Ljouwert foarsjoen wurdt fan saneamde Relaxseats. "Vergelijk het met business class stoelen in het vliegtuig. Het zijn stoelen met beweegbare hoofd- en voetsteunen. Wij hebben dertig bioscopen, en alleen de locatie in Breda biedt deze stoelen aan. En straks hebben we ze dus ook in Leeuwarden, in alle zeven zalen. Het gaat dan in totaal om 634 stoelen."

Tivoli en Cinema ticht

De grutste seal yn de bioskoop krijt 150 stuollen neffens Jan Paul Beverwijk. Hy is manager fan de Ljouwerter bioskopen Tivoli en Cinema. Dy twa lokaasjes geane ticht, seit Hoendervangers. "Die panden gaan dicht zodra we deze nieuwe vestiging kunnen openen. In overleg met de gemeente hebben we altijd gezegd dat één grote bioscoop beter is voor een stad als Leeuwarden dan meerdere kleine."

Neffens wethâlder Friso Douwstra wurdt der al neitocht oer wat der mei de pannen barre moat: "We kinne der net in soad oer sizze, mar der rinne petearen mei ûndernimmers en ûntwikkelders dy't dy lege plakken yn it sintrum opfolje wolle. Dêr hawwe wy as gemeente alle betrouwen yn."

Ek iepen mei maatregels

Foar de lockdown mochten der mar 30 minsken de seal nei binnen yn de bioskoop fan Pathé. Wannear't de bioskoop aanst klear is, en der noch hieltyd soksoarte maatregels jilde, giet de doar dochs iepen. Ek al binne sealen dan mar foar de helte fol. Fierder is it de bedoeling dat der yn de takomst, neist films, ek kongressen en eveneminten holden wurde yn it gebou.

Manager Jan Paul Beverwijk

Trefwurden: 
Ljouwert bioskoop Pathé
(Advertinsje)
(Advertinsje)