243 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

21 jan 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 243 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 48 mear as woansdei, doe gie it om 195 besmettingen.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dêr giet it om 34. Dêrnei folgje de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân, elts mei 29 besmettingen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan Tytsjerkstreradiel, Eaststellingwerf en Smellingerlân.

Der binne gjin Friezen it sikehûs yn rekke fanwege it coronafirus de ôfrûne dei.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)