Brune float ûnder druk: "Ik doar net te sizzen hoe lang we wachtsje kinne"

21 jan 2021 - 15:11

"Op dit moment zijn er gewoon geen aanvragen voor 2021. Sterker nog, klanten wiens reservering we door hebben geschoven van vorig jaar naar dit jaar zien we nu annuleren. De situatie is penibel, ook omdat ik voornamelijk groepen Duitsers krijg op mijn schip, en ook daar hebben ze nog geen idee wanneer er weer wat mogelijk is." Oan it wurd is skipper Alexander Norden, dy't mei syn skip Dageraad ûnderdiel útmakket fan de brune float yn ús lân.

Hoe komt it mei de brune float?

Neffens Monique Fennema fan Frisian Sailing, dy't 14 skippen fan de float fertsjinwurdiget wêrûnder de Dageraad, binne oanfragen foar 2021 op ien hân te tellen. "Geen enkele ondernemer kan het volhouden om twee jaar lang geen inkomsten te hebben. Ik maak me daar grote zorgen over. Ik kan niet in de boekhouding kijken bij de schepen die we vertegenwoordigen, maar het water staat de meeste schippers tot boven de lippen."

15 miljoen euro, mar wannear?

Yn Makkum leit de Zwarte Valk, dy't ek ûnder Frisian Sailing falt. Eigener Jantine van Berkel wie fan it simmer bliid mei de ekstra stipe fan 15 miljoen euro fan de oerheid, mar hat noch gjin sint sjoen. Se wol ek net neitinke oer de fraach hoe lang se noch op it jild wachtsje kin. "Ik gean gewoan mar troch, mei eachkleppen op. Mar hoe lang dat kin? Ik doar der neat oer te sizzen."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach op de Zwarte Valk

Van Berkel besiket kosten te besparjen troch allinnich it heechst needsaaklike ûnderhâld te dwaan. "Potten farve hast ek net om 'e nocht, dus dêr wachtsje ik mar efkes mei. Mar ik ha wol kosten foar allegear sertifikaten dy't ik helje moat."

Wannear't in skipper syn sertifikaat kwytrekket, wit ek Alexander Norden fan de Dageraad, is it dien. Foar skipper, mar ek foar it skip. "Wanneer je daarna weer wil gaan varen, word je gezien als nieuw schip. Dan moet je ook aan de eisen voor nieuwe schepen voldoen. Dat is bij deze oude schepen onwerkbaar, dat kan gewoon niet."

It kin hast net oars as dat de brune float it kommende jier lytser wurdt. Mar foar Jantine van Berkel fan de Zwarte Valk is it noch net safier. "Ik bin in posityf minsk. Ik kin my net yntinke dat it hijr foar my ophâldt. Ik gean stridend ten ûnder tink ik dan mar..."

(Advertinsje)
(Advertinsje)