Byld werom op Mercuriusfontein

18 jul 2012 - 10:02

It byld fan Mercurius is woansdei op de fontein yn Ljouwert werompleatst. Mei de nije ynrjochting fan it Saailân waard de fontein yn 2008 ôfbrutsen. Hy is sa'n hûndert meter opskood en stiet no tichter by de Beurs. It byld is wol wat skansearre troch de hiele operaasje. De fontein is in markant punt yn it sintrum fan de haadstêd.

De Mercuriusfontein is yn 1923 oan de stêd skonken troch de Feriening foar Frjemdlingeferkear. Mercurius is de Romeinske god fan 'e hannel en stiet symboal foar de boarnen fan bloei fan de stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)