Skilder Jan Kooistra ferstoarn: Dokkumer mei nasjonale bekendheid

21 jan 2021 - 15:19

Keunstskilder Jan Kooistra út Dokkum is tongersdeitemoarn ferstoarn. Kooistra skildere benammen de natoer om him hinne. It Fryske lânskip, it Waad, blommen en bisten ynspirearren him altyd wer.

Foto: RTV NOF

Kooistra hat himsels it skilderjen oanleard. Hy skildere sa't er it sels neamde "skildereftich realistysk". Njonken de natoer makke er ek grutte religieuze doeken, lykas De Verwondering, in searje fan njoggen skilderijen oer Jezus.

Kooistra hie yn Dokkum in eigen galery. Hy hat ferskate grutte eksposysjes hân, ûnder oare yn kastiel Groeneveld in Baarn, it Singer Museum yn Laren en yn Hotel Des Indes yn Den Haag.

Jan Kooistra is 70 jier wurden.

Trefwurden: 
Dokkum Jan Kooistra skilder
(Advertinsje)
(Advertinsje)