Fjouwer wikselingen yn opstelling Cambuur: Breij mei wer 'stieren'

21 jan 2021 - 14:41

SC Cambuur spilet freed tsjin Jong PSV mei fjouwer oare spilers yn de basisopstelling yn fergeliking mei de lêste wedstriid tsjin NEC. Dat hat foar in grut part mei blessueres te krijen. Sa sille Mitchel Paulissen en Giovanni Korte der troch in blessuere net by wêze tsjin de Eindhovenaren.

Trainer Henk de Jong

De ôfwêzigens fan Paulissen en Korte betsjut dat Robin Maulun en Michael Breij yn de basis begjinne meie. Yn de ferdigening krijt David Sambissa wer de foarkar boppe Alex Bangura, en oanfierder Erik Schouten komt werom fan in blessuere. Dat betsjut dat Joris Kramer wer op de bank sit.

Gjin ekstra druk

Yn de lêste wiken hat Cambuur twa kear oefene, sadat ek de spilers dy't net faak spylje no wol minuten meitsje koene. Dat is foar in trainer wol hiel noflik, fertelt Henk de Jong. "De jonges hawwe wer minuten makke, dêr bin ik sa bliid mei." Cambuur wol nei twa wedstriden sûnder oerwinning wer ris trije punten helje. Dochs stiet der neffens De Jong gjin ekstra druk op. "We dogge alle wiken ús ding. It is net sa, dat we twa wedstriden weardeleas fuotbalje. It moat krekt wat better en we moatte de kânsen benutte."

Michael Breij

Ien fan de spilers dy't wer in kâns krijt yn de basis is dus Michael Breij. Dat komt op in goed momint, want de oanfallende middenfjilder siet wat yn in dipke, nei't er yn desimber syn basisplak kwyt rekke. Fan 'e wike hat er mei De Jong om tafel sitten. "Na Jong PSV en Telstar werd ik eruit gehaald, omdat ik wat minder presteerde. Dan ga je toch nadenken over wat er fout ging. Dat zag je ook in de trainingen. Dus ik heb gevraagd naar mijn positie, omdat ik op het middenveld en in de aanval word gebruikt. Ik ben nu wel over het dipje heen hoor", laket Breij.

'Stieren'

De Jong hat Breij in spesjale opdracht jûn. "De trainer heeft me als opdracht meegegeven dat ik moet gaan 'stieren', zoals ik dat altijd noem. Dat betekent gas geven, energie aan het team geven, voorzetten geven en schieten. Ik krijg ook vaak appjes met 'succes met stieren'." De Jong is bekend mei de útdrukking: "Dy koe ik. Dat is hoe't se tsjin him dogge. It is in mantsje. Fan 'e wike wie er oan it coachen, mar hy wit net iens wat er seit. Sa drok is er dwaande mei druk sette en goed fuotbalje. It is in hiel prettich jonkje."

Foto: Orange Pictures

De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong PSV begjint freedtejûn om kertier foar sânen. Ferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion wei. It earste kertier docht er dat yn it radioprogramma Weistra op Wei. Fan sân oere ôf is der in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio, dat presintearre wurdt troch Jacob Stelwagen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)