Provinsje Fryslân wol demokratysk fernije en boargers mear ynspraak jaan

De provinsje praat yn febrewaris oer in plan om de boargers fan Fryslân permanint mear ynspraak te jaan. Ien fan de foarstellen is it ynrjochtsjen fan in digitaal platfoarm foar direkte kommunikaasje tusken kiezers en bestjoer. Mar der soe ek in 'senaat fan Fryslân' komme kinne mei boargers dy't har in pear kear yn 't jier útsprekke oer aktuele tema's. Ek in 'boargerbudzjet', wêrby't boargers bepale wêr't in part fan it jild fan de provinsje hinne giet, is ien fan de opsjes yn it foarstel foar demokratyske fernijing.
It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Kommissaris fan de Kening Arno Brok wol by dit proses safolle mooglik gearwurkje mei de Fryske gemeentes en ek mei Wetterskip Fryslân. Neffens Brok soene dizze oerheden besykje moatte om mear as 'ien oerheid' te funksjonearjen "yn it belang fan de 651.000 ynwenners fan Fryslân". De presintaasje fan de foarstellen yn it Provinsjehûs yn Ljouwert waard woansdei digitaal bywenne troch boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren en ek troch dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân.
It doel fan de demokratyske fernijing is om it iepenbier bestjoer te fersterkjen troch it mear by de tiid te bringen, mei permaninte romte foar boargerpartisipaasje mei help fan in dêrfoar yn te rjochtsjen digitaal platfoarm. As it oan 'prosesbegelieder' Brok leit, giet dat platfoarm noch dit jier los, teminsten as de Steaten grien ljocht jouwe. "We moatte permanint ree wêze om nei de boargers te harkjen. Mei sa'n digitaal platfoarm kinne we de minsken ek sa no en dan freegje wat se fan guon saken fine", seit Brok.
Provinsjale Steaten prate op 17 febrewaris oer de plannen foar demokratyske fernijing.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Kommissaris fan de Kening Arno Brok