Gjin útwei mear sjen troch coronamaatregels: "Alles viel weg voor Alisa"

In prachtige jonge frou, leaf en sêft, soms wat stil en dan wer rebelsk. It libben lake de 28-jierrige Alisa Krul fan It Hearrenfean ta. Mar doe kaam corona. Troch de maatregels foel foar Alisa sa'n bytsje alles fuort. Op syk nei in útwei fûn se der mar ien. Ferline wike op in betide moarntiid sei se thús dat se efkes kuierje woe. Se kaam net wer werom.
Gjin utwei mear sjen troch coronamaatregels
"Het is zo onwerkelijk, mijn moeder denkt nog steeds dat ze elk moment kan binnenkomen. Het is keihard", fertelt sus Richella Krul (31). It is allegear noch sa farsk. Dochs wol Richella tusken de triennen troch har ferhaal fertelle. Om te warskôgjen. "Alisa is niet aan corona gestorven, maar wel door de maatregelen. Wat haar is overkomen, mag niemand gebeuren. Ook al is dat maar één iemand, die zich laat horen. Die uitspreekt hoe groot de impact van de coronamaatregelen is."
Richella Krul, mei in foto fan har ferstoarne sus Alisa © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Alles viel weg voor Alisa. Ze kwam de deur niet meer uit, vereenzaamde in haar appartement.
Richella Krul, sus fan Alisa
Alisa studearre yn Maastricht en dêr hie se it nei 't sin. Se wie faak te finen yn de biblioteek, dronk dêr kofje en socht freondinnen op. Se hâlde fan reizgjen en gie der geregeld efkes op út. "Het ging gewoon goed met haar, tot de corona kwam. Ze vertelde me dat ze daar enorm van baalde en er erg last van had. Alles viel weg voor Alisa. Ze kwam de deur niet meer uit, vereenzaamde in haar appartement."
Nei de simmer kaam de twadde weach en dy hakte der noch mear yn by Alisa. Ein desimber gie it hielendal mis. Alisa rekket yn in psygoaze. "Ze zag overal een dreiging in: mensen met mondkapjes waren nazi's. Ze dacht dat ze gedood zou worden en dat de boel in brand zou worden gestoken." Nei in koarte opname yn in psychiatryske ynrjochting gie se werom nei mem op It Hearrenfean. Om ta rêst te kommen.
Alisa Krul © Eigen foto
Richella Krul oer har sus Alisa
It wiene swiere wiken op It Hearrenfean, "Elke dag vertelden we haar dat het leven het waard was om te leven. Dat ze mooi en intelligent was, dat we nog leuke dingen zouden gaan doen. Maar elke keer weer voelde ik dat het niet meer bij haar binnenkwam. Haar blik was leeg. Ze wilde dood, zei Alisa."
Yn de nacht fan 11 op 12 jannewaris is Alisa ûnrêstich, geregeld stapt se fan bêd en dan der wer op. Moarns betiid docht se de klean oan en fertelt thús dat se efkes te kuierjen wol. "Even later schrokken we van sirenes. In de loop van de ochtend belde een politieman aan. Toen wisten we genoeg."

Mear helpfragen by 113

Utfeartfersoarger Anja de Roos fan Jobbegea hat de kremaasje fan Alisa begelaat en de famylje stipe by it ferlies. Se hat yn fiif jier gjin selsdeading meimakke, mar de lêste twa moannen trije. "Dat rekket my", seit De Roos.
"Minsken reitsje it sicht opelkoar kwyt, omdat se net mear byelkoar komme meie. Se sjogge dus net hoe't it mei de oar giet. En dat wurdt allinnich mar slimmer. Ik begryp dat we it firus yndamje moatte en dat we kwetsbere minsken beskermje. Mar der is ek in oare grutte groep dy't troch de maatregels kwetsber wurden is en dêr is yn myn belibbing te min omtinken foar."
By de lanlike organisaasje 113 Zelfmoordpreventie sjogge se ek dat de risikofaktoaren foar selsdeading tanimme. Sa is der minder ôflieding, binne der minder sosjale kontakten en is der dêrtroch mear tiid om te pikerjen. Dochs is it noch net werom te sjen yn de sifers, seit in wurdfierder fan 113. "Wel zien we dat er meer hulpvragen binnenkomen. Veel jongeren die minder vertrouwen hebben in zichzelf of de ander."
Forinsysk dokter Paul Tan fan de GGD
Rinsto ek om mei selsmoardgedachten? Prate dêroer kin anonym: chat fia www.113.nl of belje 113 fergees 0800-0113.