Kollum: "Jûnsklok"

21 jan 2021 - 08:39

"Dus dêr wie er dan: de 'avondklok'. Op Schiphol kamen juster noch seis fleantugen út Londen oan, de stêd dêr't elk etmiel hast twa kear safolle besmettings binne as yn hiel Nederlân, foaral, fansels, mei de Britske fariant. En yn 'e biblebelt binne de tsjerken noch altyd iepen foar tsjinsten, wylst der letterlik gjin inkelde seal yn hiel it lân mear los is.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Der binne wer files, fan minsken dy't nei it wurk gean. En ik sjoch hoe't yn ien fan de hotels efter myn hûs in pear kear yn 'e wike in feestje oan 'e gong is, ynklusyf diskobol en besopen gasten. Fansels de plysje-oanfallende wappies op it Museumplein yn Amsterdam, mei harren idioate teoryen, en dy't it ferrekke om harren oan 'e regels te hâlden. En sa kin ik noch wel even trochgean mei nei oaren wize, yn neifolging fan Sartre.

Fan 'e wike skreau in kunde fan my wat sinnichs oer de jûnsklok: sa driuwst in diel fan de minsken dy't no noch wol meidogge, yn it kamp fan de wappies. En ik tink dat er gelyk hat, omdat ik by mysels dat ek fiel: ik snap net wêrom't dizze jûnsklok der no is, der is gjin goed bewiis dat it wat útmakket en ik benijt de plysje net dy't dit hanthavenje moatte.

In jûnsklok is foar my, as immen dy't allinnich wennet, net leuk, en dan druk ik my sêft út. Nee, it is net sa dat ik no alle jûnen nei bûten gean. Mar no méí it net. It is ferbean. Krigest in boete fan 95 euro ast de strjitte op giest nei healwei njoggenen. De muorren, dy't yn myn Amsterdamske appartemintsje sowieso al nochal ticht opinoar stean, komme hieltyd mear op my ôf. Seker sûnt yn oktober de regels stranger waarden en de dagen koarter.

Ik sykje hiel bewust net in soad minsken op, ik hâld ôfstân, ik ha altyd in mûlkapke by my, en ik gean allinnich nei myn studio, dy't ik mei oaren diel, as ik dêr wat dwaan moat dat thús net kin. Sa as dizze kollum opnimme. Ik doch wier myn bêst mei de regels, en probearje aardich te dwaan tsjin elkenien. Mar ik fiel my ûnder dit alles bêst wol wat wappie, en ik bin bang dat dit hieltyd mear te sjen is.

Doe't ik juster in nij rydbewiis ophelje moast op it stedhûs, sei de amtner dat ik even myn mûlkapke ôfdwaan moast. Dan koe se sjen oft ik it ek echt wie dy't op de foto stiet. Ik die 'm ôf en myn mûle ferluts nei wat trochgiet foar in glimk. It wie in ûnechte glimk. Ik wie my der sa bewust fan om't je al in hiel skoft net mear in glimk ha meie op sokke foto's. Ik soe net glimkje moatte, mar dat barde dochs. As in hâlding dy't ik mysels oanmetten ha yn dizze perioade wêryn't alles sa gek is. Ik wie dêr oan 'e baly benaud dat ik der útseach as Johnny út The Shining.

Ik glimkje fan binnen earlik sein net mear sa. It is 21 jannewaris, we ha noch twa folle moannen mei winter te gean, en dan binne we op it momint yn 'e tiid wêrop't it in jier lyn pas begûn. Mei it faksinearjen sjit it foar gjin meter op, om redenen dy't ek mar net dúdlik wurde, en yn 'e hûs sitte je sunichoan gek te wurden. De werhelling fan de ûnmarkearre dagen dogge my alle kearen as ik moarns út de dûs stap ôffreegje: wat foar dei is it einliks. Ik wie der tiisdei ta it middeisoere fan oertsjûge dat ik in kollum skriuwe moast, pas dêrnei kaam ik derefter dat it earst noch de beurt wie oan Eelke. Earne grappich, mar ek net sa bêst. Watfoar dei is it hjoed einliks?

Dus dan pak ik de krante derby, want dêr stiet it wol yn. Ik lês 'Virologen slaan alarm: coronamutanten kunnen opnieuw infecteren', want yn Súd-Afrika en yn Brazilië binne ek farianten fan corona, dêr't je noch in kear siik fan wurde kinne: 'daar lijkt het virus de tweede keer toe te slaan alsof de geïnfecteerde het nog nooit heeft gehad.' It ymmúnsysteem sjocht dit as wat nijs, en dêrom soe it ek kinne dat de faksins minder wurkje. Dêr is noch gjin oanwizing foar, mar hoe is it mooglik. Yn watfoar minne film binne we telâne kommen. Je soene der wappie fan wurde."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)