FIDEO: Diere-asyl Ljouwert: "Nim gjin hûn om der jûns út te kinnen"

21 jan 2021 - 07:44

Katten fleane de doar út yn coronatiid. Mar om in hûn te nimmen of út te lienen om der nei de jûnsklok op út te kinnen is in min idee, fynt Linda Colijn fan diere-asyl De Wissel yn Ljouwert. Tongersdei debattearret de Twadde Keamer oer de mooglike ynfiering fan in jûnsklok. Minsken meie dan tusken 20.30 en 04.30 oere de doar net mear út, al binne der wol útsûnderingen. Sa kinne baaskes wol nei bûten om harren hûn út te litten.

Diere-asyl Ljouwert: "nim gjin hûn"

(Advertinsje)
(Advertinsje)