Organisaasjes roppe op ta rappere syktocht nei oplossingen klimaatproblemen kustgebiet

21 jan 2021 - 07:23

It sykjen nei oplossingen foar de klimaatproblemen oan en by de kust moat mei mear faasje oppakt wurde. Dêrfoar moat der in nasjonaal ûndersyksprogramma komme foar saneamde 'klimaatbestindige' kustlânskippen. Dy oprop dogge 21 organisaasjes, wêrûnder in grut tal út it Noarden en Fryslân.

De kwelder ûnder oan de dyk tusken Holwert en Ternaard - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De oprop is in inisjatyf fan it Wereld Natuur Fonds en wurdt ûnderskreaun troch ûnder oare It Fryske Gea, LTO Noord, de Waddenvereniging, de Friese Milieu Federatie en Holwerd aan Zee, mar ek troch organisaasjes yn Grinslân, Drinte en Seelân. De bedoeling is dat alle lanlike inisjativen byinoar brocht wurde, sadat der fan elkoar leard wurde kin.

Yn Fryslân wurdt al langer wurke oan it meigroeie litten fan kwelders mei de seespegelstiging, en by de werynrjochting fan it dykfak tusken Koehoal en Lauwerseach wurdt ek sjoen nei nije oplossingen. Yn de lânbougebieten is it sâltich wurden no al in aktueel probleem en de natuer yn it Waad buorket achterút yn stee fan foarút. Dizze problemen en mear moatte oplost wurde mei mear as allinnich hegere diken.

Strategy

Bas Roels fan it Wereld Natuur Fonds die dizze oprop woansdei op in online klimaat sympoasium yn Grins, oan ûnder oare deltakommissaris Peter Glas. It iepeningswurd op it sympoasium kaam fan minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiskerij.

Oan de ein fan dizze saneamde 'klimaatadapsjewike' wurdt ek in strategy foar de wize wêrop't de kust meibewege kin mei it feroarjende klimaat oanbean oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Dêryn wurde trije wichtige opjeften beneamd: feilichheid, it maksimaal brûken fan swiet wetter en it tsjingean fan de efterútgong fan it bioferskaat.

De Holwerter kwelder mei yn de fierte de pier - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waddenvereniging makke dúdlik dat ek sy in mienskiplik programma nedich fynt om yn te spyljen op in seespegel dy't omheech komt en op alle oare útdagingen dy't der binne om de feroaring fan it klimaat hinne, want "anders trekt iedereen aan zijn eigen stukje".

Der waard konstatearre dat der wol spanning sit tusken de koartetermynbelangen fan de lânbou en de oanpassingen dy't nedich binne om yn te spyljen op dat feroarjende klimaat. Sa fynt dykgraaf Bert Middel fan it Grinzer wetterskip Noorderzijlvest it noch hieltiten goed om te ynvestearjen yn it rap ôffieren fan swiet wetter troch de Lauwersmar en de bou fan in nij gemaal dêr. Benammen natuergebieten soene opoffere wurde moatte om wetter te bufferjen.

Waddenfonds

En as it om de natuerwearden fan it Waad giet, makke professor Trekvogelecologie Theunis Piersma dúdlik dat der neist technyske oplossingen ek ferlet is fan ekologyske oplossingen. Hy sjocht in "ontstellend gebrek aan kijken naar de ecologie". Dêrfoar is mear ûndersyk nedich, mar dêryn wurdt net genôch ynvestearre en dêrfoar sjocht Piersma benammen nei it Waddenfonds. Dat hat as taak in duorsume kennishúshâlding op dat mêd foarinoar te krijen. Dat is neffens Piersma mislearre, want "ik zie het niet".

Bas Roels fan it Wereld Natuur Fonds

(Advertinsje)
(Advertinsje)