Nei sneon jûnsklok 21.00-04.30 oere | Faksinaasje húsdokters set útein

21 jan 2021 - 22:33

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne tongersdei 243 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren fêststeld;
  • Twadde Keamer is akkoart: de jûnsklok jildt nei sneon fan 21.00 oant 04.30 oere
  • De druk op de noardlike sikehuzen nimt wat ôf, seit it AZNN;
  • De GGD'en fiere de testkapasiteit fan harren teststrjitten op fan 120 tûzen nei 175 tûzen tests de wike;
  • It kabinet hat mear maatregels ôfkundige om it coronafirus ûnder kontrôle te krijen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:00
Ein fan dizze liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tongersdei 21 jannewaris. Tank foar it folgjen.

Freed is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs út Fryslân.

21:27
Pankoeksrestaurant De Struverij fan Sint-Anne slút de doarren

Pankoekrestaurant De Struverij yn Sint-Anne giet ticht. It restaurant is in begryp yn de Noardwesthoeke fan Fryslân, mar de eigeners kinne it finansjeel net mear rûn breidzje. Troch de coronakrisis is de omset ferdampt. Foar oerheidsjild komme se net yn oanmerking om't sy yn 2019 te min omset draaid hawwe.

Pankoektsjerke De Struverij yn Sint-Anne - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
20:06
Stipe foar ûndernimmers, eveneminten en studinten

It kabinet hat de stipe foar ûndernimmers ferhege mei 7,6 miljard euro foar it earste en twadde fearnsjier fan 2021. De helte fan it bedrach is bedoeld foar de temjittekomming foar fêste lêsten, foar ûndernimmers mei mear as 30 persint omsetferlies. Ek kinne mear ûndernimmingen oanpraak meitsje op dizze stipe en is der in regeling opset foar starters.

Fierder komt der in garânsjefûns foar eveneminten, sa't organisaasjes wol wurkje kinne oan it opsetten fan eveneminten lykas festivals as dat wer mei. Hjir is op syn minst 300 miljoen euro foar frijmakke.

Studinten krije ek dit jier wer in fergoeding as sy troch de coronamaatregels pas letter ôfstudearje kinne. De termyn rint no oant 31 augustus dit jier. Wêr't studinten oanspraak op meitsje kinne, ferskilt tusken opliedingen. Der binne mear maatregels ôfkundige, mei-inoar moat dit sa'n 135 miljoen euro kostje.

19:37
Fideodeiboek: 'Elektryske noas' moat it coronafirus rûke

Longdokter Wouter van Geffen fan it MCL lit yn syn nije vlog sjen hoe't in spesjaal apparaat wurket dat it coronafirus rûke kin. Dizze 'elektryske noas' wurdt op dit stuit test by it soarchpersoaniel fan it sikehûs. Der moatte earst hûnderten minsken meidwaan foar't der in betrouber resultaat jûn wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân
18:43
Hoe komt it mei de dakleazen?

De jûnsklok komt der, mar hoe komt it mei alle dakleazen op strjitte? Want guon dak- en thúsleazen wolle net nei de nachtopfang en kieze derfoar om op strjitte te sliepen. "Deze groep hebben we in beeld, zij kiezen er bewust voor. We kunnen ze een warme maaltijd aanbieden, slaapzakken en extra ondersteuning. Maar het blijft eigen keuze," seit Nynke Plantinga fan Zienn, de organisaasje foar nachtopfang yn Ljouwert.

18:35
Gjin útwei mear sjen troch coronamaatregels

In prachtige jonge frou, leaf en sêft, soms wat stil en dan wer rebels. It libben lake de 28-jierrige Alisa Krul fan It Hearrenfean ta. Mar doe kaam corona. Troch de maatregels foel foar Alisa sa'n bytsje alles fuort. Op syk nei in útwei fûn se der mar ien. Ferline wike op in betide moarntiid sei se thús dat se efkes kuierje woe. Se kaam net wer werom.

16:48
Fryske Wappies fernuvere oer 'wappie'

Wappie wie foarhinne in gewoane namme ôflaat fan Wapke, mar dat is no yn coronatiid wol oars. No stiet 'in wappie' yn hiel Nederlân foar in persoan dy't him ferset tsjin de hieltyd strangere coronaregels. Wat fine de Fryske Wappies dêrfan?

16:45
Mearderheid Twadde Keamer foar jûnsklok

In mearderheid fan de Twadde Keamer is foar in jûnsklok, mar wol dy yngean litte om 21.00 oere yn stee fan de 20.30 oere dy't it kabinet foarstelde. In moasje dy't koälysjepartij D66 tongersdei ûnder it Keamerdebat yntsjinnet, kriget stipe fan yn alle gefallen VVD, CDA, ChristenUnie, SP en 50PLUS.

It debat is noch oan 'e gong. De Keamer sil letter stimme oer de moasjes.

16:21
Hoe komt it mei fuotbaltraining en de jûnsklok?

De jûnsklok kin foar fuotbalklups dochs noch flinke gefolgen hawwe, seit foarsitter Joan van der Veen fan ONS Snits. "Normaal duurt een training tot 20.00 uur 's avonds, maar trainers moeten vaak ook nog wel even wachten voordat kinderen worden opgehaald. Dus het levert uitdagingen op." Want de training kin wol foarby wêze, mar de reisbewegingen binne der dêrnei noch wol. "Mensen zijn nog onderweg naar huis."

16:10
Druk yn de noardlike sikehuzen nimt wat ôf

De druk yn de sikehuzen yn it noarden is wat minder wurden, no't it tal coronabesmettingen wat weromrint. Dat seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland. Dy organisaasje hâldt de situaasje yn de sikehuzen by.

Dat de druk wat minder wurdt, jout romte om te sjen oft de reguliere soarch stadichoan wer opskaald wurde kin, seit it soarchnetwurk. Dat hâldt wol in slach om de earm mei it each op de Britske fariant fan it coronafirus en de fersprieding dêrfan yn it noarden. De GGD-Fryslân lit dêr op dit stuit ûndersyk nei dwaan.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)