Liveblog | 21 jannewaris 2021

Nei sneon jûnsklok 21.00-04.30 oere | Faksinaasje húsdokters set útein

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus
Lêst bywurke: 22 jannewaris 2021, 06:21
tongersdei 21 jannewaris 2021
22:00

Ein fan dizze liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan tongersdei 21 jannewaris. Tank foar it folgjen.
Freed is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs út Fryslân.
21:27

Pankoeksrestaurant De Struverij fan Sint-Anne slút de doarren

Pankoekrestaurant De Struverij yn Sint-Anne giet ticht. It restaurant is in begryp yn de Noardwesthoeke fan Fryslân, mar de eigeners kinne it finansjeel net mear rûn breidzje. Troch de coronakrisis is de omset ferdampt. Foar oerheidsjild komme se net yn oanmerking om't sy yn 2019 te min omset draaid hawwe.
Pankoektsjerke De Struverij yn Sint-Anne © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
20:06

Stipe foar ûndernimmers, eveneminten en studinten

It kabinet hat de stipe foar ûndernimmers ferhege mei 7,6 miljard euro foar it earste en twadde fearnsjier fan 2021. De helte fan it bedrach is bedoeld foar de temjittekomming foar fêste lêsten, foar ûndernimmers mei mear as 30 persint omsetferlies. Ek kinne mear ûndernimmingen oanpraak meitsje op dizze stipe en is der in regeling opset foar starters.
Fierder komt der in garânsjefûns foar eveneminten, sa't organisaasjes wol wurkje kinne oan it opsetten fan eveneminten lykas festivals as dat wer mei. Hjir is op syn minst 300 miljoen euro foar frijmakke.
Studinten krije ek dit jier wer in fergoeding as sy troch de coronamaatregels pas letter ôfstudearje kinne. De termyn rint no oant 31 augustus dit jier. Wêr't studinten oanspraak op meitsje kinne, ferskilt tusken opliedingen. Der binne mear maatregels ôfkundige, mei-inoar moat dit sa'n 135 miljoen euro kostje.
19:37

Fideodeiboek: 'Elektryske noas' moat it coronafirus rûke

Longdokter Wouter van Geffen fan it MCL lit yn syn nije vlog sjen hoe't in spesjaal apparaat wurket dat it coronafirus rûke kin. Dizze 'elektryske noas' wurdt op dit stuit test by it soarchpersoaniel fan it sikehûs. Der moatte earst hûnderten minsken meidwaan foar't der in betrouber resultaat jûn wurde kin.
© Omrop Fryslân
18:43

Hoe komt it mei de dakleazen?

De jûnsklok komt der, mar hoe komt it mei alle dakleazen op strjitte? Want guon dak- en thúsleazen wolle net nei de nachtopfang en kieze derfoar om op strjitte te sliepen. "Deze groep hebben we in beeld, zij kiezen er bewust voor. We kunnen ze een warme maaltijd aanbieden, slaapzakken en extra ondersteuning. Maar het blijft eigen keuze," seit Nynke Plantinga fan Zienn, de organisaasje foar nachtopfang yn Ljouwert.
18:35

Gjin útwei mear sjen troch coronamaatregels

In prachtige jonge frou, leaf en sêft, soms wat stil en dan wer rebels. It libben lake de 28-jierrige Alisa Krul fan It Hearrenfean ta. Mar doe kaam corona. Troch de maatregels foel foar Alisa sa'n bytsje alles fuort. Op syk nei in útwei fûn se der mar ien. Ferline wike op in betide moarntiid sei se thús dat se efkes kuierje woe. Se kaam net wer werom.